Jo kinne direkt telefoanysk, troch e-mail of op sosjale media kontakt opnimme, ek as jo gewoan in fraach hawwe. Dêrnei kinne wy de ôfspraken foar de opdracht beprate, sa as de deadline, jo winsken en de fergoeding. Jo kinne jo dokuminten digitaal oanleverje yn in yndieling dy’t jo handich fine, bygelyks pdf, Word as IDML. B T Words leveret de tekst wer oan jo yn deselde yndieling mei behâld fan opmaak en ôfbyldingen, sadat jo de tekst net opnij hoege op te meitsjen. Dêropfolgjend besjogge wy tegearre de tekst en passe dizze oan, oan’t dizze hielendal oan jo winsken foldocht.
Foar it fertalen brûkt B T Words spesjale oersetsoftware: benammen SDL Trados Studio. Mei dizze oersetfoftware kinne oersettingen yn geheugens opslein wurde, sadat yn dizze geheugens socht wurde kin en fergelykbere teksten op deselde manier oerset wurde kinne. Ek kinne yn dizze software wurdlisten tapast wurde, om in konsistinte oersetting fan wichtige termen te garandearjen. Yn it programma kin ek kontrolearre wurde op stavering, grammatika, lingte en mear.