Oer
Oer B T Words
Hoi, ik bin Baukje Wijma en ein 2016 ha ik myn eigen fertaalburo B T Words oprjochte. Ik bin gek mei taal en ha affiniteit mei marketing, moade, reizgjen en sport. Nei’t ik yn 2012 myn stúdzje Ingelske Taal en Kultuer ôfrûne hie, besleat ik my en rjochtsje my op it fak fan oersetter. Fan 2012 oant 2016 ha ik by in grut ynternasjonaal oersetburo yn Nederlân wurke as projekt manager/oersetter Ingelsk nei Nederlânsk. Hjir haw ik my ûntwikkeljen kinnen ta in goed oersetter, wurkjen leard mei oersetsoftware, projektbehear dien en gearwurke mei in yntern team en freelancers.
- Ingelske Taal en Kultuer studearre yn Grins, mei in minor yn Writing, Editing and Mediating en byfakken Frysk
- Aktyf west by de Fryske studinteferiening FFJ Bernlef, ûnder mear as Skriuwer yn it bestjoer
- 4,5 jier wurke by in grut ynternasjonaal fertaalburo yn Nederlân
Yn 2016 wie it tiid wurden om foar mysels te begjinnen. Sûnt dy tiid ha ik my rjochtsje kinnen op wat ik it leafst doch: kreative fertalingen biede dy’t bedriuwen helpe om te groeien. Dit doch ik foar it grutste part fan it Ingelsk nei it Nederlânsk. Tink oan online kampanjes foar skuon en klean, helpteksten foar ien fan de grutste technologybedriuwen yn ‘e wrâld en artikels oer fotografy. Dêrneist skriuw ik regelmjittich teksten yn it Nederlânsk foar in grutte reisklant. Ik bin ek ferantwurdlik foar de Nederlânske stylgids en wurdlist fan it grut sportmerk en test oersettings fan websides foar’t se ‘live’ gean. Fan in hânlieding foar in telefyzje oant marketingteksten foar in moadewebside, eltse dei is wer oars.
- Sûnt 2016 selsstannich oersetter Ingelsk, Nederlânsk, Frysk
- Leafde foar reizgjen, ûnder oare nei Ierlân, Kanada en Italië
- Passy foar sport, foaral fuotbal
- Ynteresse foar keunst en skiednis, fan de Romeinen oan’t de Twadde Wrâldoarloch
- Kin like goed yn in team as selsstannich wurkje
Hoi, ik bin Baukje Wijma en ein 2016 ha ik myn eigen fertaalburo B T Words oprjochte. Ik bin gek mei taal en ha affiniteit mei marketing, moade, reizgjen en sport. Nei’t ik yn 2012 myn stúdzje Ingelske Taal en Kultuer ôfrûne hie, besleat ik my en rjochtsje my op it fak fan oersetter. Fan 2012 oant 2016 ha ik by in grut ynternasjonaal oersetburo yn Nederlân wurke as projekt manager/oersetter Ingelsk nei Nederlânsk. Hjir haw ik my ûntwikkeljen kinnen ta in goed oersetter, wurkjen leard mei oersetsoftware, projektbehear dien en gearwurke mei in yntern team en freelancers.
Yn 2016 wie it tiid wurden om foar mysels te begjinnen. Sûnt dy tiid ha ik my rjochtsje kinnen op wat ik it leafst doch: kreative fertalingen biede dy’t bedriuwen helpe om te groeien. Dit doch ik foar it grutste part fan it Ingelsk nei it Nederlânsk. Tink oan online kampanjes foar skuon en klean, helpteksten foar ien fan de grutste technologybedriuwen yn ‘e wrâld en artikels oer fotografy. Dêrneist skriuw ik regelmjittich teksten yn it Nederlânsk foar in grutte reisklant. Ik bin ek ferantwurdlik foar de Nederlânske stylgids en wurdlist fan it grut sportmerk en test oersettings fan websides foar’t se ‘live’ gean. Fan in hânlieding foar in telefyzje oant marketingteksten foar in moadewebside, eltse dei is wer oars.
De namme
‘B T Words’, wat betsjut dat no? It ierste diel fan de namme is ôfleid fan de letters fan myn foarnammen: Baukje Tetsje. De W fan ‘Words’ is ek de begjinletter fan myn efternamme. Op dy manier lis ik in ferbân tusken de Fryske woartels fan myn namme en de ynternasjonale wrâld dêr’t ik my op rjochtsje. Want yn dizze tiid kin ek in lytse taal in wrâldtaal wêze.
Mear witte? Nim kontakt mei my op.
kontakt
download