Thusside
Jo webside as marketing,
yn heldere en skerpe taal
Jo hawwe in moai produkt of leverje in ûnmisbere tsjinst, en dat wolle jo graach oan sa folle mooglik minsken witte litte. Mar hoe soargje jo derfoar dat jo boadskip goed oerkomt by de goeie doelgroep? Lit jo webside, nijsbrief, dokumintaasje en mear oersette en neisjen troch in professional dy’t each hat foar jo winsken — én foar detail. B T Words biedt oersettingen foar Nederlânsk nei Frysk, Frysk nei Nederlânsk, Ingelsk nei Frysk en mear.
B T Words set in grut ferskaat oan teksten oer, benammen marketing, moade, toerisme, elektroanika en sport. Dêrnjonken biedt B T Words tekstskriuwen en redigearjen foar it Frysk en it Nederlânsk, plus noch mear tsjinsten om jo ynhâld te optimalisearjen. As jo no slogans oerset ha wolle op in moadeside, saaklike kommunikaasje neisjen litte wolle as fotosoftware kontrolearre ha wolle, B T Words kin jo helpe.
Dúdlike taal > resultaat
Taal is in tool om de goeie doelgroep oan te sprekken en fêst te hâlden. Faaks is jo webside rjochte op de Fryske merk en wolle jo de memmetaal fan potinsjele klanten brûke. Of jo wolle in reklamefolder as poster yn it Frysk ha om tichter by jo klanten te kommen. In floeiende tekst yn minsken har eigen taal lûkt de oandacht en skept in bân. B T Words kin jo ek mei oare soarten teksten helpe, fan saaklik oant literêr.
In konsistinte tekst sûnder flaters lit sjen dat jo profesjoneel en betrouber binne. Dit draacht by oan elk ûnderdiel fan it klanteproses:
- Mei oantreklike slogans by jo ôfbyldingen en filmkes oertsjûgje jo minken om jo artikels te keapjen as tsjinsten ôf te nimmen.
- In begryplike brûkersinterface makket it makliker foar se om wat te bestellen.
- Goed skreaune nijsbrieven soargje derfoar dat klanten weromkomme.
Liket dit jo wol wat?
sjoch gau hoe’t it wurket op de side Tsjinsten.
kontakt
download